Ga direct naar


AMERIJKE 40

AMERIJKE 40

janna32zaterdag 23 juli 2011 21:05

Ik tink oan eartiids. Winliken is dat net goed. Foarút tinke is better. Plannen meitsje foar de takomst: hoe wol ik dat myn libben derút sjen sil? Mar op in stuit begjinst yn dyn libben werom te tinken oan de dingen dy't  foarbygien binne. Dan sjoch ik it gea foar my dêr't ik hikke en tein bin. En dat is net op Rispens State. Ik bin berne op in buorkerij yn Lettelbert yn Grinslân op 19 juny 1996.

Ik soe werom wolle nei dy omkriten. Tagelyk freegje ik my ôf oft dyselde boeren dêr noch  wenje sille. Soe deselde pleats dêr't ik berne bin der noch stean? Soe ik myn kammeraatskes dêr't ik mei opgroeid bin dêr noch moetsje? Mooglik is alles der wol wei en rint der no in fjouwerbaansdyk troch ús greiden en binne de pleatsen ferfongen troch wenhuzen of fabryksgebouwen. Soe deselde boererook der noch hingje of rûkt it dêr no nei útlaatgassen?

Nee, it liket my dochs mar better en bliuw yn de Ruterpolder dêr't it skoan tahâlden is. Dat is ús ek wol oan te sjen. Wy sjogge der allegear wakker glânzich út. It is ek o sa'n noflik plak hjirre. Okkerdeis wie de boer dwaande mei it lêste fan de earste sneed binnen te heljen. Op it stoppelfjild dat oerbleau wie de foarrie dong út ús potstâl tige wolkom. Mei grutte struiweinen waard it mingsel oer de ikkers ferdield. De rein soarge derfoar dat it mineralemingsel him oan it klaai-humuskompleks fêstsette, dêrmei't it gers  har gerak kriget om te groeien.

Lykswols  begjin ik dochs wer oan eartiids te tinken.  It benearet my suver wat.  It fielt net goed oan. In soarte fan weemoed. Ik tink oan it libben en wat him hjir yn 'e Ruterpolder en op 'e pleats allegear ôfspile hat. Ik tink oan alle moaie dingen, om't ik fiel en ûnderfyn dat de jierren my sa njonkelytsen  beheinings begjinne op te lizzen. Sa ek wurdt it tinken dreger mei myn Alzheimer-light. Hiel wat fan myn freonen en freondinnen hawwe dit ierdsk bestean al ferlitten, wat my ta tinken set: hoe lang haw ik noch te gean? As ik slim wurch bin tink ik dat myn libben hjir op ierde stadichoan folbrocht is. Somtiden komt dochs de kriich werom en tink ik wer oan it libben. Dêr't libbe wurdt en stoarn. Stoarn en libbe. It heart by it ierdsk bestean. As kij hawwe wy hjir op Rispens State de himel op ierde. Dat, as ik ienris stjerre sil, dan wol ik hjir graach bliuwe, yn 'e ierde fan de Ruterpolder.

 

dy ierde mei it grutte heimnis

dêr't libbe wurdt en stoarn

stoarn en libbe

dêr't de kosmos

him sublym fertaalt

yn fleuren en kleuren

yn foarmen en manearen

yn samar in poddestoel

in dinne-appel

in krobbe in eamelder

stikje ierde dêr't him alles ôfspilet

wat him mar ôfspylje kin

neatich stikje grûn

dêr't it grutte heimnis

him majestueus foltôget  

 

 

Dat it jimme allegearre goed gean mei en lykas altyd in dikke tút,

 

JANNA 

« Terug





Snelkoppelingen