Ga direct naar


AMERIJKE 39

AMERIJKE 39

janna32maandag 13 juni 2011 20:11

Bytiden moat men de geast krije. It is in bekende siswize dy't minsken nochal ris brûke. It betsjut fan gjin nocht hawwen dochs nocht meitsje. Nocht is ek alwer sa'n wurd dêr't men alle kanten mei út kin. Ik haw ek wolris gjin nocht. Dan lis ik noflik yn it gers te harkjen nei alle lûden dy't myn geast yn him opnimme kin. It lûd fan it rûzjen fan 'e wyn, it sjongen fan 'e fûgels, it kwekkerjen fan 'e kikkerts, it balten fan myn freondinnen en it bletterjen fan ús keallen. Mar om de hiele dei wat lizzen bliuwe te loaikjen kin ik ek net. Sa út en troch komt de boer ús te roppen, dan moatte wy nei in oar perseel dêr't wer lekker farsk gers stiet, mongen mei alderhanne krûden dy't hjir yn 'e Ruterpolder groeie. Inkelde "rappe" kij steane dan meast as earste by it stek, want wy krije dan ek in pear brokjes. Ik bin net sa'n foaroanrinner. Ik doch kalm oan, want de fluchste is net altyd de ferstannichste as jo begripe wat ik bedoel.

Wy rinne al in skoftke deunby de pleats en dat is wol aardich, want dêr is altyd fan alles geande. Njonken ús lân is in fjildsje dêr't de jongelju fuotbalje of hynsteride. Dat fjild hat ek oar gers as ús greiden. It wurdt mei in lytse trekker hieltyd wer meand. It gers moat der wol hast mismoedich fan wurde; besiket it him te ûntwrakseljen oan 'e ierdboaiem om oan 'e himel ta te groeien, wurdt it alle kearen wer tebekset nei punt nul.

Dat is mei ús gers yn 'e greiden wol oars. Dat mei lang trochwaakse. As it meand wurdt stiet it al yn 'e bloei. Dan is it tige sûn foer, mei gâns rizel of struktuer, krekt hoe't men it mar neame wol. Mei dy rizel moatte ús magen danich yn 'e slach en dat is net ferkeard. It earste gers is al meand. De grutte ljochtgriene Merlo-trekker dy't hjir op 'e buorkerij brûkt wurdt sleept in masine troch it lân dy't it gers snijt en kreas op it lân leit te droegjen. Letter wurdt it skodde en swile. Ut 'e stêd kaam in noch gruttere masine om it droege gers yn grutte balen te parsjen en der plestik omhinne te wjukkeljen. Moat dat no sa grut, frege ik my ôf. De masines binne wol kwetsber mei safolle technyk en se hawwe in protte romte nedich. Grutter is net altyd better. De oerheid wurdt ek grutter, wy wenje no yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, mar binne ús minsken dêr no wol sa bliid mei?

De balen binne op 'e betonplaat by de pleats set. Se steane te glânzgjen yn 'e sinne.

Hjir fuortby ús rinne ek de hynders. Dat is wol sa smûk. Hynders binne leave bisten en hast krekt like ferstannich as kij. Fan de hynders wurdt nochal wat ferge. Se moatte alle jûnen deryn komme, moatte har oerjaan oan it boarsteljen, moatte bytiden in keunstgebyt yn en in seal op, dêr't de minsken op sitten geane en moatte se drave of springe. No, dat hoege wy lokkich net allegearre.

Ik koe ek sjen dat de bollen Ruters Tjitte en Ruters Maas nei bûten ta giene. Dat fûn ik mar wát spannend. Ik haw der werklik in pear oeren nei stien te sjen. Bollen fertoane gâns wat macho-gedrach, wêrom wit ik eins net, want it binne mar gewoan bollen. Se binne ek noch brutaal en dat is knap lestich foar ús boeren. Se waarden yn in grutte koai nei bûten riden, nei de keppels kij dêr't se by passen. No, dat gie foar wûnder hear.

Matsje rint hjir ek deunby. Matsje is sa om en by Pinkster útrekkene. Se is in goede freondinne fan my. Oft se de geast kriget om op Pinkster te kreamjen wit ik net. Mooglik as se de Hillige Geast kriget. Ik krige yn alle gefallen de geast dy't my nocht joech om wer wat te ferheljen.

 

Oant in oare kear. Dikke tút, 

Janna

 

« Terug





Snelkoppelingen