Ga direct naar


AMERIJKE 37

AMERIJKE 37

janna32vrijdag 01 april 2011 13:21

 

 

 

hoe kin it

dat de wolkens hingjen bliuwe

en ik se dochs net fange kin

angel en tried jout gjin ferwin

súntsjes oan wat fierder driuwe

binne se fan watten of fan pluzen

binne se likeheech as huzen?

 

Lykas de wolken in grut wûnder binne oan it firmamint, sa is it ek in grut wûnder dat ik op 'e nij mem wurden bin fan twa dochters. In twilling dus, lykas twa jier ferlyn. De kreamerij is treflik ferrûn, twa skoandere reabûnte kealtsjes. In tige fuortsterking fan de Fryske Reabûntpopulaasje. Se springe al fleurich mei de oare keallen troch de stâl. Want der binne ûnderwilens noch folle mear berne.

It is dus in fruchtbere maitiid. Wy hoopje dat wy oer in wykmannich de griene greiden wer yn kinne mei ús hoallefoaljende kroast. Foarearst moatte wy it noch efkes mei ús 'dûnstinte' dwaan. En in bytsje rêst docht my ek noch wol goed. It dragen fan de twa bern en de kream hat my wol in protte enerzjy koste, mar it giet no de goede kant wer út.

De dochters hjitte Janna 142 en Janna 143. Dat de 'Janna-tak' is sa njonkelytsen ryklik fertsjintwurdige op Rispens State. Wyls ik myn tinzen op papier set steane de stâldoarren wiid iepen en kinne wy genietsje fan de sinne, dy't wakker syn bêst docht. Yn 'e fierte hearre wy dan de greidefûgels wurkjen en sjongen. Foar de fûgels soe it in goed ding wêze as de wite skieppewolkjes har ferdriuwe lieten troch de beëangstigjende swarte wolken dêr't it wetter ryklik út streame soe. De ierde hat ferlet fan focht, sadat it boaiemlibben him ûntwikkelje kin ta foer foar de fûgels. En it reint ek wol, mar dan lykas Acda en de Munnik sjonge: "Het regent zonnestralen". En der is noch in bekende útspraak, dy't ik hjir yn 'e stâl wolris heard haw: "Een droge maart is goud waard, als april maar natten wil".

Yn wêzen hoecht april om my net al te wiet te wurden, want dat sil wol de moanne wêze dat wy nei bûten geane. En om no alle dagen mar wiet te reinen haw ik ek net safolle ferlet fan. De greiden lizze der moai grien by. De nachten binne wol slim kâld en dat is foar it jonge gers net sa gaadlik.

Hawar, wy sjogge wol wat der de kommende dagen heve sil. As de ôffreding om 'e landerijen hinne aanst klear is en ús sinnepaniel drinkbakken wer genôch wetter foar ús út 'e sleatten wei omheech pompe, kin wat my oanbelanget wol it momint oangean om de Ruterpolder yn te gean.

Dan samar aksje yn 'e stâl. Us minsken binne drok dwaande in kloft jonge kij byinoar te swyljen. Wy moatte mei ús bern romte meitsje foar de pubers. En ja hear, se meie derút. Dan giet it stek iepen en as in soarte fan alvestêdetochtstart drave se nei de griene greide. Inkele fotografen, dy't lâns de rûte steane, wurde krapoan te pletter rûn. Nei in skoftke wurdt it allegear wer wat rêstiger. Wy moatte noch efkes ôfwachtsje oant der wat mear gers groeid is en ús keallen wat sterker binne.

Yn 'e neimiddei sjoch ik stilwei wat nei bûtendoar en ik freegje my ôf:

 

hoe kin it

dat de wolkens hieltyd komme

en dan wer geane

hoe kin it

dat se aloan fierder fleane

nea te rêsten, en ferromme

in skoftke nearne hinne

 

Oant in oare kear!

 

Dikke tút,

Janna

 

« Terug





Snelkoppelingen