Ga direct naar


AMERIJKE 33

AMERIJKE 33

janna32dinsdag 21 december 2010 12:04

De wyn hat bolle wangen, hy blaast fûl. De blêden dy’t nei de hjerststoarm noch op it hiem lizzen bleaun wiene, wurde al sweevjend en dûnsjend nei oare oarden blaasd. Men soe de wyn de grutste blêdblazer fan ‘e wrâld neame kinne. Dus, nije gemeente Súdwest Fryslân: Fuort mei alle blêdblazers! De kâlde eastewyn blaasde ek troch ús stâl. Dat fûnen wy net sa lekker, want wy hiene krekt nei de kapper west, dat folle waarmte fan ús reade hûd hiene wy net mear. Gelokkich mocht it doek ticht. It doek, tinke jo, wat is dat no wer? Oan ‘e eastkant fan ús stâl hawwe wy hiele grutte iepeningen, dêr’t wy trochhinne sjen kinne en de meastentiids leaflike wyn fiele kinne. De wyn: de transporteur fan geuren en lûden. As wy simmers bûten rinne is it de wyn dy’t ús oerlûden oant yn ‘e wide omkriten hearre lit. Mar as de wyn de tosken sjen lit en slim kerbûstich wurdt dan is it net noflik mear en dan kin it doek ticht. De grutte iepeningen wurde foarsjoen fan in wynticht doek. It neidiel is dat wy dan efkes net sa goed folgje kinne wat der bûten bart. Mar fierder kinne wy alles wol neikomme. Sa haw ik ek fernommen dat de minsken har wakker drok om ús meitsje. Der wurde hiele debatten hâlden oer boeren en harren kij, of oer kij en harren boeren. Dat dogge se by de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei de Melkfeeakademy. Eigentlik soe ik dy minsken dy’t oer ús debattearje en filosofearje útnoegje wolle en kom ris by ús te sjen. Want ja, as wy it oer it wolwêzen fan dieren hawwe, dan is ús stâl en fersoarging fansels in net te belykjen foarbyld. Wy hawwe prima minsken dy’t ús fersoargje. Wy hawwe in gebou dat oangenaam ljocht en luchtich is. In noflik striebêd dêr’t wy yn lizze kinne en simmers geane wy wer moai de greide yn. Dêr stiet fansels foaroer dat wy ek net safolle prestearje hoege. De bern goed fersoargje en opfiede, dat is eins ús deitaak. Mei’t se har aanst goed ûntjaan kinne yn ‘e provinsje.

En dat ús kânsen groeie hat dit jier bliken dien. Fan ús bern binne al aardich wat útwaaid de provinsje oer. Nee, net as hjerstblêden mar as oanstoarmjend jong Reabûnt talint. De lêste fjouwer jonge kij binne nei de wynboer yn Sint Nyk gien, dêr’t se aanst molke leverje sille en hooplik sil der dan in spesjale Fryske kultuertsiis op ‘e merk ferskine. Ofrûne wike binne de soannen fan Matsje en Tineke ôfreizge. Se binne de wide wrâld yngien. Matsje en Tineke wiene frijwat ferslein fanwegen it fuortgean fan harren bern. Ik as âldere ko haw harren útlein dat dy dingen sa rinne yn it libben. Ik haw harren safolle mooglik treastge.

It jier 2010 leit hast efter ús. Wy kinne it jier goed ôfslute. Alle natoerfasetten ha wy meimakke. Waarmte, rein, wyn, sinne en op ’t stuit froast en snie. Wat is it Nederlânske klimaat dochs bjusterbaarlik moai. Wy genietsje dêr alle dagen fan.

Ik soe beslute wolle mei:

 

De tiid fan no rint súntsjes nei de ein

De tiid fan de takomst wurdt ús neat oer sein

Lyts strieltsje ljocht fan de dei fan hjoed

Jout hope foar 2011, ha mar gjin noed

 

Mei waarme winterske groetnis fan JANNA !

 

« Terug





Snelkoppelingen