Ga direct naar


AMERIJKE 32

AMERIJKE 32

janna32donderdag 11 november 2010 20:19

Somtiden is it alhiel net slim ast ris efkes allinnich bist. Yn in bistewrâld dêr’tst altyd as keppeldier troch it libben giest is it wolris noflik om efkes allinnich te wêzen. En allinnich wêze wol noch net sizze datst dan iensum bist. Yn ús keppel kinst iensum wêze as de oare kij gjin oandacht foar dy hawwe of dy net earnstich nimme. Mar as ik mysels efkes weromlûk dan jout my dat net oars as in goed gefoel. De ôfrûne wike kaam my soks oer.

Ik wie mei de lytste keppel kij, mei-inoar 21, nei de stâl kuiere. Wy mochten deryn. Kâld wie it noch net, mar wol slim wiet. En it lekkere gers rekke op. Yn ‘e stâl hawwe wy fjouwer grutte fekken. Yn elts fek kinnne sa’n tsien oant fyftjin kij en keallen rinne. Ta myn grutte niget lei ik samar allinnich yn in grut fek, moai rêstich, genietsjend fan alles wat der om my hinne barde. Us minsken drok yn ‘e skrep om de stâl op winteroarder te bringen, mei’t dan de oare kij der ek yn kinne. De hynders, sichtber genietsjend, fanwegen al dy kij wer yn ús beautyfarm. Want wier, sa fielde it dy deis wol efkes, doe’t ik my dêr, noflik op farsk strie, de kop folslein leech tinke koe.

Mar de rêst duorre net lang, want hjir op ‘e buorkerij bart altyd fan alles. Auto’s mei karren, men soe se ús touringcars neame kinne, komme it hiem opriden. Der geane in trijetal jonges nei Sint Nyk, dêr’t se har oplieding fierder dien meitsje. Ruters Aalt is poer allinne in aventoer begûn yn ‘e omkriten fan De Gordyk. Ruters Fokke en Janna 138 sille yn Koudum aardich wat reklame foar ús ras meitsje. En hooplik sille ek de greiden om De Jouwer hinne aanst read kleurje fan ‘e Fryske Reabûnten. Hibma en Anneke binne letterlik de foaroprinners. Treflik dat dizze bisten allegearre in plakje krije yn ús moaie Fryske provinsje. Mar it moaiste plak op ‘e ierde dat is hjir op Rispens State. Dat is in net te belykjen plak.

Ik moat oerein, de supergrutte boks dêr’t ik yn lis te mimerjen, moat ynromme wurde. Eigentlik is it de boks fan ús moaie dûnkerreade bolle en noch wat memmen mei pubers.

De grutte stâldoarren geane iepen en de grutte keppel kij, mei-inoar 38, komme deryn. It is in drokte fan komsa. Keallen roppe om har memmen en memmen roppe om har keallen. Sa njonkelytsen hat elk syn plakje fûn. It hea, dat oan it foerstek leit, kin nuttige wurde. Lekker struktuerryk foer nei al dat sloppe neijiersgers.

De kommende dagen sil de tiid wol ferstrike oan toilettearjen, wêrnei’t wy noflik it winterskoft yngean kinne. Ik sjoch der al nei út dat my de neilen en it hier knipt wurde sille.

It allinnich wêzen is foarby. De beide dochters steane my fansiden, ien oan ‘e linker- en ien oan ‘e rjochterkant. Wy geane wer moai lizzen te wjerkôgjen. It gie hjoed stoef om ta.

 

Oant in oare kear. Dikke tút,

Janna

 

« Terug





Snelkoppelingen