Ga direct naar


AMERIJKE 27

AMERIJKE 27

janna32maandag 26 april 2010 21:06

Meastentiids kin men dingen oankommen fiele. It fielen is in wichtige graadmjitter foar it wol en wee yn jins libben. Wy as kij dogge hast alles op it gefoel. De mins hat te kiezen: dingen ferstanlik beriddenearje of gefoelsmjittich oer jin komme litte. Kij binne wat dat oanbelanget lokkiger, om’t wy net de swiere lêst fan it ferstân meitôgje hoege. Hawar, werom nei it gefoel. Ferline wike hawwe de jonges west dy’t ús de neilen knippe en dat is dan al ien fan de foartekens dat de stâltiid moai wis gau nei de ein rint.

Noch wat fan soksoarte bylden: Dan sjoch ik ús minsken bûten yn de Ruterpolder mei stekken tôgjen, en pealtsjes mei skriktried om perselen hinne te setten. Dy triedden moatte de jonge bisten beskermje foar in frisse dûk yn it wetter. De polder mei syn griene greiden leit der poerbêst by. It wetter klotsket freonlik troch de sleatsjes, dêr’t de earste kikkerts har alwer hearre litte.

Yn ’e stâl wurdt it sa njonkelytsen ek al hast grôtfol. Der wurde noch hieltyd keallen berne. It striebêd heget ek al wakker op. Gâns in pakket oan strie en itensresten follet de pot fan ús potstâl.

Freedtemiddei kaam der mear beweging yn ‘e stâl. Stekken waarden iepene en ús minsken makken de kar hokker bisten it earst nei bûten mochten.Tsien jongfammen waarden útferkeazen, mar, sokke jonge bisten hawwe begelieding nedich. De beide boeren seagen elkoar oan en seinen: “sille wy Janna freegje om dit tsiental op ‘e noed te nimmen?” No, dat klonk my as muzyk yn ‘e earen, hoewol’t it op myn jierren noch net tafalt om sa’n groep teeners te begelieden. Geastlik, oftewol sielkundich haw ik genôch oerwicht, mar fysyk kin ik it letterlik net mear byslofkje.

De rin siet der aardich yn by de dames oer de nije asfaltdyk nei ien fan ‘e griene perselen. Op in net al te grutte distânsje folge ik yn in foechsum drafke. It seach der kostlik út yn ‘e polder. It strewelleguod by de Wymerts lâns, dat stadichoan fan kleur feroaret. Fûgels, hazzen en reeën drok yn ’t spier, genietsjend fan ‘e maitiidssinne. Nije ôffredings by de paden lâns kreazje de polder op ta in treflik gehiel.

Yn Wergea stiet in moai stanbyld fan Afkes Tiental. In moai brûnzen byld fan my mei de eigen tsien teeners soe noch mear sjarme oan ‘e polder jaan kinne. In moai byld fan Janna’s Tiental.

Nederlân en Fryslân fiere om distiid hinne 65 jier befrijing. Wy binne befrijd út ús moaie potstâl en kinne wer in healjier genietsje fan frijheid yn ‘e Ruterpolder. En no mar hoopje dat de freondinnen mei harren bern gau folgje.

Oant de oare kear. Dikke tút.

Janna

 

« Terug





Snelkoppelingen