Ga direct naar


AMERIJKE 25

AMERIJKE 25

janna32woensdag 17 maart 2010 13:25

It is in feestlike dei. Mar och, winliken binne alle dagen feestlik. Sjoch ris om dy hinne watsto allegear om ‘e nocht krigest. Ik hear de minsken wolris sizzen: ‘Foar neat giet de sinne op’. En net allinnich de sinne krigest fergees, lyksa de wyn en de rein. Dat alles soarget meikoarten wer foar de groei en bloei. Mar hjoed is it ekstra feest, want Matsje 4 hat in kealtsje krigen. In famke, in lyts, leaf kealtsje mei de namme Matsje 6. En witst wat sa aardich is? As âldere, ferstannige ko mei ik tafersjoch hâlde op ‘e kreamôfdieling. As in soarte fan kontroleur rin ik tusken myn groulivige freondinnen yn. Wat ek sa bjusterbaarlik moai is: meikoarten sil ik wer beppe wurde. Twa dochters kamen fan ‘e wike ek de ta kreamkeamer yn. In lokkich momint foar my, want ik hie har yn al dy wintermoannen net moete. Ik bin wol in reële memmeko hear. Op in stuit moat men de bern harren gong gean litte, op eigen fuotten de wrâld leare te ferkennen. Harren letterlik en figuerlik it fjild ynstjoere. No hawar. As hja dan as jonge froulju efkes wer by jin troch it stek komme dan docht jin dat wol goed. Efkes byprate, efkes elkoar oer de kop slikje en noflik njonken inoar stean te iten fan ús lekkere biologyske heabalen. Poerdroech gers út ‘e Ruterpolder. Frij fan E-nûmers. Meikoarten giet noch in partij balen nei in buordoarp, dêr’t no ek soartgenoaten lekker fan dit skoandere produkt ite kinne.

Sjesa, no gean ik earst efkes lizzen, ik haw de pânse fol. By Klaske is noch in plakje frij. Klaske is ek in moaie, dûnkerreade ko. Se is ien fan it lytse tal kij yn ús stâl sûnder hoarnen, mar non-verbaal kin se har bêst rêde hear. Noflik lizzend yn it strie fiel ik de slokterm yn beweging kommen en fia de antiperistaltyske beweging krij ik de earste brok hea werom yn ‘e bek. Foardiel fan ús as wjerkôgers is dat wy twaris genietsje kinne fan it skoandere iten.

Witst wat sa aardich is? De FNP hat by de ôfrûne ferkiezings yn Fryslân fiks wûn. Wy as Fryske Reabûnte kij binne wol foar de FNP. It soe moai wêze, as alle boeren dy’t op ’e FNP stimd hawwe ris by ús yn Drylts kamen te sjen en dan ta de konklúzje komme soene: Sokke kij hearre ek thús op myn bedriuw!

Oant sjen dan mar. Grouwe tút.

« Terug





Snelkoppelingen