Ga direct naar


AMERIJKE 19

AMERIJKE 19

janna32vrijdag 02 oktober 2009 23:02

No, dat wie wol maleur hear, freedtemoarn. Rûnen wy krekt wol sa moai deun by de stêd lâns en dêr moasten wy no krekt op sa'n stuit fierder de polder yn om ús magen te foljen, om't it gers op wie. En witte jo wêrom't dat no sa spitich wie? Wy koene op dy wize net al te goed fan it "2015 Festival" genietsje. Dat genietsjen hie lykwols dochs al moai wat skrammen oprûn, om't it feest him diskear net yn de Ruterpolder ôfspile. Oare jierren koene wy folút meigenietsje fan de bûntkleure minskekliber. Fan 't jier koene wy allinnich de muzyk op ôfstân hearre. En wat fierder oft men de polder yngiet, wat dreger de toanen te ferstean binne.

Mar foar negative dingen steane ek altyd wol wer positive oer. Posityf wie dat de stjerren sneontejûn helder oan it firmamint stiene. De moanne skynde en it wie wynstil waar. In jûn dy't de muzyk ús oandragen die. De jonge kij fongen flarden muzyk op en makken har pirûettes by it fallen fan 'e jûn.

Wy genietsje nammers al in langer skoft fan muzyk yn 'e polder. Okkerwyks binne der tsientallen rydplaten troch de greide lein. Auto's dy't de Uilenburg berikke wolle ride al drumjendewei nei harren bestimming. "Femmes Fatal", de froulju út Ljouwert dy't op lege oaljedrums muzyk meitsje soene der noch wol wat fan leare kinne. Aardich lykwols, dat ús de auto's sa oan 'e noas foarbyride. Kinne de minsken sjen hoe moai oft wy binne. En oarsom besjogge wy de minsken wer. It falt my op sa warber as de minsken altyd binne. Gers meane, rúthimmelje, de smoarge wask bûten hingje, neam mar op.

Aldergeloks dat der minsken binne, want sa kinne wy moai fan inoar genietsje op dizze ierdbol.

Ik haw nammers grútsjen heard dat it Festival goed slagge is. Drylts wie al bekend fan de Alvestêdetocht, Nooitgedagt en houtseachmûne de Rat, mar it 2015 Festival set Drylts op in gâns oare wize op 'e kaart. Ik lokwinskje alle frijwilligers mei dit sukses! En ik hoopje dat it it oare jier wer yn de Ruterpolder hâlden wurde sil.

Oant sjen en in dikke tút fan Janna!

 

 

 

« Terug





Snelkoppelingen