Ga direct naar


AMERIJKE 16

AMERIJKE 16

janna32maandag 18 mei 2009 11:05

Seis klokslaggen hear ik oer de Ruterpolder klinken. De klok hinget yn 'e tsjerketoer fuort neist ús landerijen. In pear tellen letter hear ik yn 'e fierte op 'e nij seis. De stêd sliept noch, mar yn 'e Ruterpolder giet it der al wer libben om en ta. Ferskate sjongers litte har lûden hearre. Grutte oantallen allochtoane bistesoarten hawwe hjir harren thús fûn. Sa binne der b.g. de skries, de ljip, de tsjirk, allegear simmergasten hjir yn it lân fan blomte en gers.

Ik haw fan 'e moarn earst myn plicht dwaan moatten: sjen oft de bern der noch wol wienen. Ik koe it net sa goed sjen, fanwegen de leechhingjende damp oer de fjilden. Sinnestrielen besochten troch de mist hinne te brekken. Dat slagge mar súntsjesoan. Earst bleauwen der wat flarden oer, mar letter sette de sinne de stêd stadichoan yn 'e gloede. Hibma spruts my oan en sei my dat de keallen yn in grutte gerspôle by de hikke leinen te sliepen. Op myn noflike kuierke de sleatswâl bylâns seach ik wetterskriuwerkes, warber mei it skriuwen fan  harren wettergedichten. Koarte gedichten wiene it. In ein mei piken swom ien fan 'e gedichten stikken. Dy wisten net better. In eintsje fierderop siet in markol djip yn tinzen op aaien te brieden. Hja hie it sa skoan oan tiid sei se, dat se neat mear betinke koe om oan te tinken. 

By de hikke oankommen sjoch ik de keallen lizzen en is myn syktocht slagge. Noch wat dreamerich stean ik te genietsjen fan in skries dy't delsaait op in stekpeal. Sy is wakker optein en se sjongt my ta dat se my noch ken fan ferline jier en dat se in moaie tiid hân hat yn Afrika. Alle jierren weroan fljocht se fan Afrika werom nei de Ruterpolder. En it is de fleanreis wurdich, want fan 't jier hat se wer fjouwer aaien útbret en op 't stuit drave der fjouwer jongen troch de polder. Dat ferhaal makke my sa bliid dat ik in fleurich lietsje begûn te balten. En om't ik in Fryske Reabûnte kultuerko bin koe dat fansels allinnich mar yn it Frysk:

It ljurkje yn 'e wolken, d' eintsjes yn 't lizich wiet,  

moskjes en sweltsjes, elk sjongt syn liet.  

de earbarren klapperje,  

ljipkes wjukwapperje,   

skries op 'e hikke ropt grito-gryt !

de earbarren klapperje,

ljipkes wjukwapperje,  

skries op 'e hikke ropt grito-gryt !

(fan Waling Dykstra (1821-1914)

Dat ferske sil Wiltsje fan Peazens ek sjonge op snein 7 juny tusken 12.00 en 14.00 oere. It is dan nammentlik iepen dei op 'e buorkerij en elkenien mei dan nei ús komme te sjen. Oant dan !

Dikke tút,

Janna 

 

« Terug





Snelkoppelingen