Ga direct naar


AMERIJKE 12

AMERIJKE 12

7858_KOP(Koe).jpgdonderdag 26 februari 2009 21:24

Ast in nûmer bist yn 'e maatskippij is dat net bêst. Wy sprekke der allegear skande fan, mar wy dogge der neat oan. It brûken fan nûmers wurdt allinnich mar slimmer. Wy hawwe allegear in nûmer yn 't ear. Twa noch wol, yn elts ear ien.

Us bedriuw, lês buorkerij, hat ek in nûmer. As immen wat fan ús bedriuw witte wol wurdt altyd earst frege nei it bedriuwsnûmer of it relaasjenûmer. Nei de namme wurdt net frege. Wylst it freegjen nei jins namme dochs sa wichtich is. Ast dyn namme sizzen hearst, reagearrest. As de boer 'Janna' ropt, dan hef ik de holle nei de himel om te sjen wat de boer fan my wol. In namme heart by dy. Dyn namme sit djip woartele yn dyn psyche. Dat bisto, dêr giest mei troch it libben. De namme dy'tst meikrige hast ferhellet út hokfoar kultuer ast wei komst. Yn Sina sille de kij oare nammen hawwe as hjir yn Fryslân. Wy hjirre, yn ús potstâl, wy hawwe nammen dy't hearre by de Fryske kultuer. Wat te tinken fan de nammen fan myn kammeraatskes: Matsje, Beikje, Hibma, Henske, Anna, Suze en Durkje. En ús famyljenamme: 'Ruters', dat safolle betsjut as: út 'e Ruterpolder. Alle bollekealtsjes dy't hjir berne wurde krije foar harren eigen namme de tafoeging 'Ruters'. Alle kokealtsjes krije efter harren namme in nûmer, b.g. Janna 132 of Janna 133. Bynammen, lykas dy by minsken wol bekend binne, komme by ús winliken net foar. Dy wurde gauris brûkt yn lytse, hechte mienskippen, om de leden fan ûnderskate famyljes útinoar hâlde te kinnen.

Wy hantearje hjir yn ús stâl dus Fryske nammen. Eins soe ik elkenien yn Fryslân riede wolle wat faker Fryske nammen te brûken. Der binne wier hiele moaie by. Sa krige ik lêsten in bertekaartsje ûnder eagen mei de skoandere namme Froukje Renske.

Myn mimerderij oer Fryske nammen komt ta in ein. De striemasine wurdt starten, dus sil ik mar ris yn 'e skonken komme. Der wurdt hjoed in baal hea oer de stâl ferspraat, yn stee fan strie. In o sa gaadlik gebrûk fan it rûchfoer-oerskot. En in tige noflik lisbêd fan recycle gers. De dong komt simmers wer op it lân. It gers yn 'e polder waakst der goed fan en it libben yn 'e grûn profitearret derfan mei. En dat is wer geunstich foar de greidefûgels.

De earste ljippen binne alwer sinjalearre. Ear't wy der erch yn hawwe is it earste ljipaai der wer!

Oant de oare kear. Grouwe tút.

 

Janna 

 

« Terug





Snelkoppelingen